Sykjend Nei It Leste Hus

Sykjend Nei It Leste Hus

€ 29,90

Op voorraad

Binnen 5–8 werkdagen verzonden

Ryklik in heale ieu nei't Hesling Alberda emigrearre, reizget er werom nei Dokkum, de stêd dêr't er grut wurden is. Rûnom yn Kanada hat er arbeide as ranchman en yn 'e houtkap. Gâns jierren hat er yn it hege noarden fan Kanada en Alaska yn 'e minen wurke. Troch it ferline achterfolge, hat er mei hurd bealgjen de dingen dy't him pleagen lang op ôfstân hâlde kinnen. Yn it fleantúch nei Europa komt lykwols alles wer werom.Doe't Hesling - dy't syn heit noait kend hat - in jier of fiif wie, stoar syn mem en waard de húshâlding útinoar skuord. Hesling waard yn de húshâlding fan in omke en muoike te Dokkum besteld. Se wennen dêr tsjin de stêd oan yn It Paradys, in útwenne rychje huzen deun njonken it spoar fan it Dokkumer Lokaeltsje en achter de eksportslachterij. Dy lokaasje spilet in wichtige rol yn it ferhaal, lykas ek de geheime leafde foar syn nichtsje Aukje. Sûnt Hesling yn 1949 nei Kanada emigrearre hat er fan de húshâlding dêr't er yn telâne kaam, noch fan syn bruorren wer wat heard of sjoen. Nei't er in tal dagen te Dokkum omslein hat, begjint er him ôf te freegjen nei wa't er no eins op 'e siik is.

Specificaties

Aantal pagina's
286
Auteur
D. Van Der Ploeg
Breedte (mm)
130
Druk
1
Gewicht (g)
362
Hoogte (mm)
30
Lengte (mm)
220
NUR-code
524
Taal
fy
Uitgever
Friese Pers Boekerij
Uitvoering
Onbekende bindwijze
ISBN
9789033011948

Artikelnummer: 9789033011948